Legislator Case Law & Legislation
BWBR0027231 NL

Kêst 1 Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 20102010217016-02-201028-01-20102010-00000137692010217016-02-201028-01-20102010-000001376918-02-2010

10 Articles / Provisions · Netherlands
Open official source Machine-readable Markdown (.md)

Table of Provisions (10)

Statutory Text (10 Articles)

BWB 2010-02-18

1 It KO Frysk hat as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn gearhing mei it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en mei it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.

2 It KO Frysk hat fierders as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes advys út te bringen oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 en fan de útfieringskonvenanten; soks yn gearhing mei it Europeesk Hânfest en it Ramtferdrach dêr’t yn it earste lid op doeld wurdt.

BWB 2010-02-18

1 It KO Frysk bestiet út fiif leden, dêrûnder in foarsitter en in vice-foarsitter.

2 De foarsitter, vice-foarsitter en oare leden fan it KO Frysk wurde, op foardracht fan dit orgaan, troch de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes beneamd foar in tiidrek fan op syn heechsten fjouwer jier.

3 By it beneamen fan de foarsitter en de vice-foarsitter en by it beneamen fan de oare leden fan it KO Frysk wurdt rekken hâlden mei itjinge dat bepaald is yn kêst 12, tredde lid, fan de Ramtwet advyskolleezjes.

4 It KO Frysk kin waarnimmers talitte.

BWB 2010-02-18

1 Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan it KO Frysk in fergoeding fan € 220,- de gearkomste.

2 Foar harren wurksumheden krije de leden fan it KO Frysk dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 170,– de gearkomste.

3 De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fergoedet oan de leden fan it KO Frysk de reiskosten op basis fan iepenbier ferfier earste klas of op basis fan eigen ferfier, makke foar it bywenjen fan gearkomsten foar it KO Frysk, sûnder dat dêr bewiisstikken fan oerlein hoege te wurden.

4 De fergoeding fan eigen ferfier berint de hichte fan it bedrach lykas neamd yn kêst 2 fan de Reisregeling binnenlân.

BWB 2010-02-18

1 Ta skriuwer fan it KO Frysk wurdt beneamd: de skriuwer fan it Berie foar it Frysk.

2 It KO Frysk wurdt yn syn wurksumheden bystien troch it buro fan it Berie foar it Frysk.

BWB 2010-02-18

It KO Frysk fiert de taken dy’t yn kêst 2 neamd wurde, út op grûn fan in twajierliks wurkprogram, dat yn nau oerlis mei it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes opsteld wurdt.

BWB 2010-02-18

It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan it KO Frysk bart yn oerstimming mei de behearregels, op grûn fan de Argyfwet 1995 en it Argyfbeslút 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei beëinigjen fan de wurksumheden opburgen yn it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

BWB 2010-02-18

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan útjefte fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.

Need to analyze how this provision applies to your matter?

Cross-reference this statute against case law, commentaries, and related legislative provisions inside Legislator AI.

Open in Legislator →